Takeshi Urata
Takeshi Urata (浦田 武, Urata Takeshi) (1947 – 15 desimber 2012) wie in Japansk astronoom. Urata wurke by it Oohira Stasjon yn Japan en ûntduts dêr in soad planetoïden.
Yn 1978 wied er de earste amateur-astronoom sûnt 50 jier dy't in planetoïde ûntduts. Urata ferneamde dy nei syn dochter, 2090 Mizuho. Syn paadsljochtsjende prestaasje late ta in oplibbing fan sokke ûntdekkingen. Yn de tsien jier dy 't folgen, ûntdutsen amateurs út Japan 160 lytse planeten. Hy wie teffens redakteur fan de Ephemerides of Minor Planets.
De yn 1927 ûntdutsen planetoïde 3722 Urata is nei him ferneamd.
Literatuer
bewurkje seksje- Lutz D. Schmadel: Dictionary of Minor Planet Names. 5e ed. Springer, Berlyn 2003, ISBN 3-540-00238-3 ((in) ) Foarbeskôging by Google Book Search
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|