Taimyr-skiereilân
It Taimyr-skiereilân (Полуостров Таймыр, Таймырский полуостров) is in skiereilân yn Sibearje; it foarmet it meast noardlike diel fan it fêste lân fan Euraazje en Aazje. It leit tusken de Golf fan Jenisej fan de Karasee en de Golf fan Chatanga yn de Laptevsee yn Krasnoyarsk Krai, Ruslân.
It Taimyr-mar en it Byrranga-berchtme lizze op it tige grutte Taimyr-skiereilân.
It skiereilân soe it plak wêze dêr't de yn it wyld libjende muskusokse sa'n 2000 jier útstoarn is, alteast bûten Noard-Amearika.[1] Hja waarden dêr op 'en nij ynbrocht yn 1975.[2]
Kaap Tsjeljoeskin, it meast noardlike punt fan it Euraziatyske kontinent, leit op it noardein fan it Taimyr-skiereilân.
Befolking
bewurkje seksjeIt Nganasan folk koe syn sjamanistyske praktiken oant yn de 20e iuw hanthavenje út reden fan de isolearre lizzing fan harren wenplak.[3]
Ekonomy
bewurkje seksjeMMC Norilsk Nickel is de eksploitant fan de minen yn dizze kontrei. It bedriuw raant it nikkel út dizze kriten yn de stêd Norilsk, net fier fan it skiereilân. It nikkelerts en oare produkten fan it bedriuw wurde oer in koart spoar nei Dudinka oan de rivier de Jenisej ferfierd, en dêrwei mei it skip nei Moermansk en oare havenstêden.
Klimaat
bewurkje seksjeTusken likernôch septimber en juny binne de kustwetters fan it Taimyr-skiereilân beferzen. De simmers binne koart, fral oan de noardeast kust (Laptevsee).
It binnenlân fan it skiereilân hat in lânklimaat. De winters binne strang mei in soad sniestoarms en ekstreem lege temperatueren.
Bibliografy
bewurkje seksje- Hoppál, Mihály. Sámánok Eurázsiában, 2005. Utjouwer: Akadémiai Kiadó, Budapest isbn=963-05-8295-3 2 De titel betsjut “Sjamanen yn Euraazje”, skreaun yn it Hongaarsk, mar it is ek yn it Dútsk, Estsk en Finsk útbrocht. Side fan de útjouwer, yn it Hongaarsk, koarte ynhâld fan it boek