Toanielstik

(Trochferwiisd fan Teäterstikken)

In toanielstik is in wurk fan toaniel. It omfiemet twa besibbe begripen: Oan de iene kant is it de beskriuwing fan de hannelings fan de akteurs, it skreaune stik. Oan de oare kant is it de searje fan útfierings, dêr't de akteurs dy beskriuwing ynterpretearje. Richard Monette sei dat it toanielstik op 'e planke literatuer is, wylst in toanielstik op 'e planken teäter is.

In opfiering fan it toanielstik The Zoo Story fan Edward Albee

In toanielstik wurdt ornaris skreaun troch ien skriuwer, as troch in pear skriuwers. Der wurdt dêrby in ûnderskie makke tusken de trageedzje, dy't in faset fan de minsklike steat beklammet, en de komeedzje, dêr't de yntriges fral it fermaak fan de taskôger tsjinje moatte.

In toanielstik wurdt ornaris troch in gruttere groep minsken, in toanielselskip, mear as ien kear útfierd. Der is lykwols ek solotoaniel, dêr't in stik mar troch ien akteur by spile wurdt, lykas Zelle troch Freark Smink. Eltse útfiering is in ynterpretaasje fan it stik sa't de skriuwer it skreaun hat. Faak is dy ynterpretaasje foar in grut part it wurk fan de regisseur, dy't bepaalt hokfoar dekors en kostúms de sfear fan it stik goed oerbringe, en tegearre mei de spilers is de regisseur ek dejinge dy't ynterpretearret hoe't de skreaune wurden en hannelings krekt brocht wurde moatte.

Toanielstikken hawwe al in skiednis fan milennia. De earste stikken dy't fêstlein binne, binne ferbûn mei religy. Mar der binne yn letter tiden sa'n protte oare foarmen fan toaniel dat oppere is dat de grûn ek wêze kin dat oer religy earder teksten fêstlein binne. It soe dan kinne dat it toaniel bûten de timpel like âld is of faaks sels noch âlder.