Tees
De Tees is in rivier yn Noard-Ingelân. De boarne leit op de eastskeante fan Cross Fell, op in hichte fan 893 meter, yn it Penninysk berchtme. De bopperin hat ferskate streamfersnellings. De rivier streamt likernôch 137 kilometer nei it easten en mûnet dan tusken Hartlepool en Redcar yn de Noardsee út. In gebiet fan 1834 kante kilometer wetteret op de Tees ôf. De rivier hat gjin grutte sydrivieren.
Yn de 19e iuw is de rivier diels kanalisearre.
-
De Tees tichtby syn oarsprong
-
De Tees tusken Middlesbrough en Stockton-on-Tees