Haadmenu iepenje

Yn de Tekstwinkel, festige yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte 6 yn Boalsert, kinne minksen terjochte foar gedichtsjes foar allerhanne gelegenheden. Ek Gysbert makke brulloftsfersen, twaspraken en lieten. Yn de tekstwinkel binne besteande gedichten te finen foar allerhanne gelegenheden mar minksen kinne se ek meitsje litte: Der binne dichters dy't de gedichten dan yn opdracht meitsje.

De Tekstwinkel is in part fan it Gysbert Japicxhûs. De tekstwinkel is eigendom fan de Gysbert Japicx (Holckema) stichting. De opbringst fan de tekstwinkel wurdt wer brûkt om it museum en it hûs yn stân te hâlden.

Keppeling om utensBewurkje