Telefoansintrale Baarn

De earste telefoansintrale fan Baarn waard boud yn 1890 by it stasjon fan Baarn. It pân waard letter ferpleatst nei de Eemnesserwei en is no in wenhûs.

Telefoanhúske

It gebou hat yn it glês-yn-lead boppeljocht boppe de doar de inisjalen "NTM", foar 'Nederlandsche (Bell) Telephoon Maatschappij'. Dy maatskippij krige yn 1890 fergunning om yn Baarn in telefoannet te eksploitearjen. It 'Centraal Bureau' yn Baarn kaam efter it stasjon tusken de beide spoaren oan de ein fan it twadde perron en foarme in skeakel yn de ferbining Amsterdam-Arnhim. It gemeentehûs waard fergees oansletten. Baarn wie ien fan de earste lytse gemeenten mei in telefoannet. In ferklearring dêrfoar soe wêze kinne dat der in soad Amsterdammers yn Baarn wennen, en mei Amsterdam wie al sûnt 1881 in telefoanferbining. Yn 1897 waard it ynterlokale net troch de oerheid oernommen en kaam yn it post- en telegraafkantoar fan Baarn.

It húske waard letter ferpleatst nei de Eemnesserweg en is oant 1924 as telefoansintrale brûkt. It is, lykas it stasjon fan Baarn, yn sjaletstyl boud. It waard nei útwreiding oan de túnkant brûkt as wenhûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fred Gaasbeek, Jan van 't Hof, Maarten Koenders Baarn, geschiedenis en architectuur, Zeist 1994