Telwurden binne in wurdsoarte. Der binne trije kategoryen:

  • beskate of ûnbeskate haadtelwurden;
  • beskate of ûnbeskate rangtelwurden;
  • oare kwantifisearjende wurden.

Haadtelwurden

bewurkje seksje
Beskate haadtelwurden

Beskate haadtelwurden binne wurden dêr’t men mei telle en nûmerje kin. Fan de getallen binne dat ien, twa, trije ensfh. it getal nul, it wurd giin 'net ien' en beide, 'twa'. Alle breukgetallen: heal, oardel/oardeheal (en oare wurden op -heal), ien tredde, tsien, fyftsjin, ensfh.

Unbeskate haadtelwurden

Mei ûnbeskate haadtelwurden wurdt in net krekt beskaat oantal oanjûn. Unbeskate haadtelwurden binne: al/alle (as it kwantifisearjend is), ferskate, folle, gâns, genôch, guon, inkelde, ytlike, party, rju, safolle, tefolle, wat.

Rangtelwurden

bewurkje seksje
Beskate rangtelwurden

De beskate rangtelwurden jouwe in krekt beskaat plak oan: earste, twadde, tredde, ensfh.

Unbeskate rangtelwurden

Unbeskate rangtelwurden binne der net safolle, eins allinnich mar middelste, lêste, safolste, hoefolste.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Wikiwurdboek: telwurd – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika