Ten Years After (band)
Ten Years After is in Britske blues-rockband dy ’t har grutste suksessen hie tusken 1968 en 1973. Hja hawwe ek spile op it ferneamde Woodstock Festival yn augustus 1969. Hja hiene sukses mei de lieten I’m going home, Love like a man en I’d love to change the world. De band bestiet noch hieltyd, mar fan de âlde groep binne alinne Ric Lee en Chick Churchill der noch by.
Skiednis
bewurkje seksjeDe band is oprjochte troch sjonger en gitaarspiler Alvin Lee (de artystenamme fan Graham Barnes) en basgitarist Leo Lyons. Letter kamen Ric Lee (drums) en Chick Churchill (toetsynstruminten) der ek by en de namme fan de band waard feroare yn Ten Years After. Hja spylje blues en rock muzyk, mar ek wol lange jazzy ymprovisjaasjes. Op it Woodstock Festival yn augustus 1969 spilen hja ûnder oaren in lange ferzje fan it rock’n roll numer I’m going home wêryn ’t Alvin Lee noch ris oantoande dat er net om ‘e nocht de fluchste gitarist fan de wrâld neamd waard. It lied stiet ek op it live-album “Undead” út 1968 en waard harren bekendste numer. It stiet alle jierren yn de boppeste helte fan Radio 2 Top 2000.
It album “Chriklewood Green” út 1970 wurdt meastentiids sjoen as it bêste album dat Ten Years After makke hat. Der steane in tal hurde blues-rock numers op dit album sa as Working on the road, mar ek rêstiger liedsjes en in jazz numer Me and my baby. It lied 50.000 miles beneath my brain begjint rêstich mar letter wurdt it hurde rock. It lied Love like a man is de ienichste single hit yn Ingelân. De band spile yn 1970 ûnder oaren op it Isle of Wight Festival mar dêrnei gongen hja wat kommersjelere muzyk spyljen, mei it album “A Space in Time”. Dêrop steane yn it generaal wat lichtere ferskes, sa as I’d love to change the world. De measte lieten begjinne akoestysk en wurde nei in skoftsje war ruger. Mar der steane ek in rock ‘roll numer Baby won’t you let me rock’n roll you en in jazz numer Uncle jam op dit album.
Ten Years After gong útelkoar yn 1973. Yn de jierren tachtich kamen hja noch in pear kear wer byelkoar. Alvin Lee hie gjin nocht om wer mei de oaren te spyljen en hy gong troch as solo artyst. Yn 2013 is hy ferstoan troch komplikaasjes nei in operaasje. Leo Lyons is oant 2104 lid bleaun fan de band, dy ’t no bestiet út Chick Churchill (keyboards), Ric Lee (drums), Colin Hodgkinson (bas) en Marcus Bonfanti (sang, gitaar). Yn 2017 is der in nij album útbrocht fan Ten Years After, "A Sting in the Tale". Yn 2018 bestiet de band 50 jier en de manlju hâlde in Anniversary Tour.
Tiidline bandleden
bewurkje seksjeDiskografy
bewurkje seksjeStudio- en live-albums
bewurkje seksje- Ten Years After (1968)
- Undead (1968)
- Stonedhenge (1968)
- SSSH (1969)
- Live At The Filmore East (1970)
- Cricklewood Green (1970)
- WATT (1970)
- A Space In Time (1971)
- Rock & Roll Music To The World (1972)
- Recorded Live (1973)
- Positive Vibrations (1974)
- Hear Me Calling (1976)
- About Time (1989)
- Now (2004)
- Roadworks (2005)
- Evolution (2008)
- Live at Fiesta City (dvd) (2009)
- A Sting in the Tale (2017)
Kompilaasjes
bewurkje seksjeDouble Deluxe | 1970 |
Ten Years After | 1971 |
Classic Performances | 1976 |
Goin' Home | 1977 |
Greatest Hits | 1977 |
Profile | 1979 |
Ten Years After | 1980 |
Timewarps | 1983 |
The Collection | 1985 |
At Their Peak | 1987 |
Universal | 1987 |
Portfolio | 1988 |
The Collection | 1991 |
Essential | 1991 |
Pure Blues | 1995 |
I'm Going Home | 1996 |
Premium Gold Collection | 1998 |
The Best Of | 2000 |
Very Best Ten Years After Album Ever | 2001 |
Ten Years After Anthology | 2002 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Ten Years After Official Website 2014 - featuring Ric Lee, Chick Churchill, Marcus Bonfanti and Colin Hodgkinson
- The Ten Years After Official Archive website
- Ten Years After Fan Website
- Interview with Alvin Lee
- Alvin Lee official website
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ten Years After fan Wikimedia Commons. |