Tennisferiening Joure

Tennisferiening Joure is in tennisferiening oan de Suderfjildstrjitte 2 op De Jouwer.

De feriening hat yn 2019 hast 500 leden, dêrfan binne 150 jeugdleden. Op de akkomodaasje oan de Suderfjildwei lizze 9 tennisbanen, in padelbaan en in playground mei 4 faze read banen en 2 faze oranjebanen. De feriening waard oprjochte op 21 juny 1968 en is lid fan it KNLTB. Yn 1968 krigen de tennisleafhawwers gravelbanen mei oefenkoai, de terreinen leine tusken de Rykswei en de Suderfjildstrjitte. De feriening begûn yn 1968 mei 140 leden.

Yn april 2016 kaam der in playground mei spesjale minybanen foar de bern.[1] De iepening barde troch de bekende tennisspiler John van Lottum dy't ek in clinic fersoarge. Tagelyk waard in padelbaan oanlein. Padel is in miks fan tennis en squash.

Ein 19e iuw waard op de Jouwer al tennisse troch de famylje Taconis. Hjir efter kafee Feitsma.

Sûnt 2017 wurdt yn july it Priore Jouster Open organisearre.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: