Tenoarsaksofoan
De tenoarsaksofoan of tenoarsaks is nei de altsaksofoan de meast foarkommende saksofoan. It ynstrumint is meast yn Bes stimd, inkeld yn C, en hat in S-foarm mei swannehals.
De tenoarsaks hat in rike klank en wurdt yn harmony- en fanfare-korsten en yn de big band brûkt. It is in wichtich ynstrumint yn de jazz en hat in berik fan Bes-lyts oant G3.
Lûd
bewurkje seksjeBekende merken binne King, Selmer en Martin. It hjoeddeistige (2007) lûd fan de tenoarsaks wurdt dominearre troch de Selmer. It liket der op dat dat standert wurden is. Der binne lykwols saksen dy't in orizjineler lûd produsearje lykas de King Zephyr, Buescher Top Hat and Cane en Martin The Martin.