Terra sigillata (Latyn foar stimpele ierdewurk) is de eigentiidske, sûnt it begjin fan de 19e iuw wenstige beneaming foar in fraai soarte gebrûksfoarwerpen út ierdewurk, dat yn de Romeinske keizertiid algemien yn omrin wie.

Romeinske terra sigillata'

Kenmerkend foar it diggelguod yn terra sigillata is de reade of readbrune kleur en in glânzjend oerflak dat ofwol flak en ûnfersiere is, ofwol (meastal) fersierd mei dekorative en / of byldzjende reliëfs. It waard ek altiten makke fan fine liemsoarten en in pottebakkerstsjil. Foar de fersiering fan de bûtenkant waard yn de regel in (bakte) jitfoarm brûkt wêryn foar it bakproses de reliëfs yn negatyf oanbrocht wienen middels stimpels en sa. De foarmen fan de terra sigillata-produkten binne sterk ynspirearre troch lykaardich diggelguod yn metaal, glês of edelstien.

Produksje en fersprieding

bewurkje seksje

De Terra sigillata hearde hast trije iuwen lang ta it algemien gongbere ierdewurk yn grutte parten fan it Romeinske Ryk, mar dochs benammen yn it westlike diel derfan. De produksje en de hannel foarmen wichtige taken fan it ekonomyske libben. Fan ûngefear 25 foar oant 30 nei Kristus wienen de wichtichste fabrikaazjesintra de Italjaanske stêden Arretium en Puteoli.

Terra sigillata as histoaryske boarne

bewurkje seksje

De ferskillen en oerienkomsten oangeande fabrikaazje en de dekoraasje fan terra sigilata, en benammen de ek op it ierdewurk oanbrochte pottebakkersmerken meitsje it de archeologen frij maklik by de identifikaasje en de filiaasje fan ferskate ateliers. Dêrtroch kin de terra sigillata in grutte bydrage leverje oan de datearring fan de lagen dêr't it yn oantroffen wurdt. Munt- en Terra sigillatafynsten folje elkoar oan.

It Frysk Museum hat sa'n 2200 skerven terra sigillata. In soad fan dat ierdewurk is yn de earste iuwen fan de jiertelling nei Fryslân komt mei hannelers dy't fan terp nei terp gienen. Om 300 hinne komt ek redstimpelsigillata út Argonne by Parys, neamd nei de ornamintenbân, soms ek kristlike symboalen. Ut de 4e iuw ek sigillata-imitaasje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: