Tetman en Jarich
Tetman en Jarich wie in revuselskip dat bestie út de twillingbruorren Tetman de Vries en Jarich de Vries út Bitgummole.
Harren grutte trochbrek kaam oan 'e ein fan de oarloch mei de revu "De tiid hâldt gjin skoft", in opdracht fan it Bitgumer muzykkorps. De premiêre wie yn jannewaris 1944 en it waard dêrnei hast 1200 kear opfierd. Dêrnei folgen noch 23 Fryske revu's, 17 gelegenheidsrevu's en 10 Nederlânske revu's. Der spilen ek oare famyljeleden yn mei en Klaas en Tine Westra. Oant 1951 wie S.J. van der Molen pianist, dy't letter ek muzyk en teksten skreaun. Cor Huisman wie dêrnei oant 1963 muzikant.