Thandiwe Adjewa (Thandie) Newton (Londen, 6 novimber 1972) is in Britsk aktrise. Har mem komt út Simbabwe, is fan Sjona-komôf, har heit is Ingelsk. Sy waard grutbrocht yn Londen en Penzance (Cornwall).
Newton gie nei de London’s Art Education School en woe ynearsten beropsdûnseres wurde. In oandwaning oan de rêch behindere dat lykwols. Se folge doe in toanieloplieding en moete sadwaande de regisseur John Duigan. Yn 1991 makke se yn dy syn film Flirting har akteardebút.

Thandie Newton
Newton by de útrikking fan de BAFTAs, 2007

Dêrnei hold Newton in koart skoft yn Los Angeles ta, gie werom nei Ingelân en studearre archeology en antropology oan de Universiteit fan Cambridge. Yn de jierren 90 spile se in tal lytse filmrollen. Yn 1998 briek hja mei har rol yn Beloved troch yn Hollywood.
Foar har rol yn de film Crash wûn se in BAFTA award foar bêste aktrise.

Thandie is sûnt 11 july 1998 boaske oan senarioskriuwer Ol Parker en hat trije bern.

sûnt 2013: Rogue (tf-rige)

Keppeling om utens

bewurkje seksje