Tharwoastyn
De Tharwoastyn, ek wol de Grutte Yndiaaske Woastyn, is in woastyn, dy't foar in part yn de Pakistaanse provinsjes Sindh en Pûnjab leit en fierders yn de Yndiaaske dielsteaten Pûnjab, Haryana, Rajasthan en Gujarat.
De woastyn hat in oerflak fan likernôch 240.000 km² (of 450.000 km² at de rânegebieten mei kserofyl strewiel meirekkene wurdt). De woastyn leit foar twatredde part yn Yndia, 61% dêrfan yn Rajastan.
Yn it súdwesten fan de Thar, yn de rjochting fan de Arabyske See, leit de Rann fan Kutch, in lege sâltflakte en oan it seizoen bûn sompegebiet.
It grutstepart is de Thar in rotswoastyn útsein in lyts gebiet yn it fierste westen dat sân is.
Klimaat
bewurkje seksjeIt gebiet hat ekstreme temperaturen, fan 45 °C yn de simmer oant ûnder it friespunt yn de winter. De delslach it jier sit tusken de 120 mm yn it uterste westen oant 375 mm mear nei it easten ta. It bytsje delslach is fral it gefolch fan de lizzing oangeande it Aravalliberchtme, wêrtroch't it gebiet yn de moesson hast gjin wetter krijt.