The Day That Never Comes

The Day That Never Comes is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica tusken 14 maart 2007-22 maaie, 2008 en útbrocht op it album Death Magnetic fan Metallica út 2008. The Day That Never Comes is it fjirde nûmer op it album en waard op 21 augustus 2008 as earste single fan it album útbrocht.

The Day That Never Comes
algemiene ynformaasje
B-kant No Remorse (live)
artyst Metallica
album Death Magnetic
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 21 augustus 2008
opnommen 14 maart 2007-22 maaie, 2008
doer 7:56
label Warner Bros.
skriuwer James Hetfield,
Kirk Hammett,
Robert Trujillo,
Lars Ulrich
produsint Rick Rubin
fideoclip
Metallica: The Day That Never Comes (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Mega top 100 - 20,
flagge fan Belgje Singles top 50 - 11

Oer it nûmer bewurkje seksje

The Day That Never Comes begjint mei cleane gitaren dy 't trochwurkje yn de kûpletten, wylst de refreinen stipe wurde troch swiere gitaarriffs. Dit giet stadichoan hurder en liedt úteinlik ta in flugge harmony tusken de gitaren en in lange gitaarsolo fan Hammett. De ein fan it nûmer is suver ynstrumintaal, mei tal fan solo's en akkoardeskema's.

Oer de fideoclip bewurkje seksje

De fideoclip foar it nûmer waard filme yn de woestyn bûten Los Angeles. De fideo toant twa mariniers dy 't op in auto yn in woestyn ride en rekke wurde troch in eksploazje. Neidat se dekking socht hawwe, ûntbleatet ien fan harren dat er in wûne oprûn hat. De oare marinier biedt earste help en ropt om help, en hoewol 't er úteinlik troch in helikopter ferfierd wurdt, wurdt suggerearre dat hy it net rêd.

Muzikanten bewurkje seksje

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Robert Trujillo - Bas
  • Lars Ulrich – Drums