The Memory Remains

The Memory Remains is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1996 en útbrocht op it album Reload fan Metallica út 1997. The Memory Remains wie it twadde nûmer op it album en waard op 11 novimber 1997 útbrocht as earste single fan it album.

The Memory Remains
algemiene ynformaasje
B-kant Fuel for Fire
artyst Metallica
ft. Marianne Faithfull
album Reload
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 11 novimber 1997
opnommen 1996
doer 4:38
label Elektra
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint James Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
fideoclip
Metallica: The Memory Remains (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân top 40 - 17,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 15,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 28

Oer it nûmer

bewurkje seksje

It nûmer giet oer in ferneamde frou dy 't net tajaan wol dat har suksesfolle karriêre foarby is. Se wurdt hast gek by de gedachte en hâldt fêst oan de oantinkens dy 't foar altyd duorje sille as gelok en rom ferfage. De rol fan de ferneamde frou wurd yn it nûmer fertolke troch sjongeres Marianne Faithfull.

Oer de fideoclip

bewurkje seksje

Yn de fideoclip foar The Memory Remains, wurdt gebrûk makke fan in surrealistysk konsept fan anty-swiertekrêft, de band spilet op in grutte skommel dat foar in part ûnderstboppe liket te draaien. Underwilens sjongt Marianne Faithfull yn in tsjustere gong en draait se oan de hendel fan in muzykdoaze dy't de skommel liket te bestjoeren.