The Muppet Show is in Amerikaansk-Britske komeedzjesearje mei yn de haadrol Jim Henson's poppen de Muppets. It programma spilet him ôf yn in teäter, dêr 't meast frjemde acts opfierd wurde troch ûnkundige artysten. De optredens fariearje fan sliepstickhumor oant absurde foarfallen en parodyen. It programma wurdt presintearre troch Kermit de Kikkert. In soad wrâldferneamde sjongers en akteurs wiene troch de jierren hinne te gast.

De searje rûn fan 1976 oant 1981, al waarden der yn 1974 en 1975 al twa pilotôfleveringen makke, en telt yn totaal 120 ôfleveringen. Yn Nederlân waard it programma troch de KRO útstjoerd. De searje hat in tal spin-offs mei him meibrocht, wêrûnder ferskate films en in stripsearje.

Films bewurkje seksje

 
Muppet Fozzie Bear.

De searje brocht meardere spylfilms troch, begjinnend mei The Muppet Movie. Dit wie de earste kear dat de Muppets tegearre mei echte minsken te sjen wiene yn lokaasjes oars as it teäter. Nei de earste film folgen noch The Great Muppet Caper, The Muppets Take Manhattan, The Muppet Christmas Carol, Muppet Treasure Island, Muppets from Space, The Muppets' Wizard of Oz, The Muppets en Muppets Most Wanted.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.