The Tales of Beedle the Bard

The Tales of Beedle the Bard is in boek beskreaun yn 'e Harry Potterrige, dat yn 2008 likegoed as in wier boek útjûn is troch de útjouwerij Bloomsbury Publishing yn Ingelân. It is skreaun troch J.K. Rowling.

De skriuwster fan it boek (yn 'e minskenwrâld) J.K. Rowling

It boek yn 'e tsjoenderswrâld

bewurkje seksje

Yn 'e wrâld fan Harry Potter is it in boek wêryn't tsjoendersmearkes en -telstjes stiene. Ien fan dy mearkes is it teltsje fan 'e trije bruorren. In protte tsjoenders en tsjoensters yn 'e wrâld fan Harry Potter binne opfiede mei dizze mearkes, û.o Ron, in freon fan Harry.

It boek yn ús wrâld

bewurkje seksje

Yn it echt is it boek skreaun troch J.K. Rowling, wêrfan de opbringst foar de stifting Children's High Level Group wie. Yn it boek stiene oantekenings, sabeare makke troch Albus Dumbledore*.

(* Bin in fryske oersetting nedich.

It teltsje fan 'e trije bruorren

bewurkje seksje
 
Teken fan 'e Reliken fan 'e Dea

Yn it mearke wurdt it ferhaal beskreaun fan trije mei-inoar opreizgjende bruorren, dy't by in rivier komme. Se meitsje in magyske brêge, dêr't se net troch 'e rivier hinne kinne. De personifikaasje fan 'e 'Dea' stiet lykwols op 'e brêge en is tsjoed, dêr't 'e trije bruorren net ferdronken binne. Se meie allegearre in beleanning kieze. De âldste broer wol in tsjoenwisp hawwe dy't ûnferwinber is. De twadde broer wol eat hawwe dêr't er minsken mei út 'e dea oproppe kin en hy krijt in stien fan wjerkear. De tredde (de wiiste, hy leaut net yn betrouberens fan 'e 'Dea' ) wol eat hawwe, dêr't er him mei beskûlje kin foar de 'Dea'. Hy krijt in ûnsichtberensmantel. Dan geane de bruorren wei, apart fan inoar.

It plaatsje hjirnjonken lit ús de mantel sjen (trijehoek), de stien (rûnte) en de ûnferwinbere wisp (streek).

Lykwols: immen makket de âldste broer dea en rôft dêrnei de wisp. De twadde broer brûkt de stien om syn deade freondin werom te roppe út 'e dea, mar makket himsels dea as er útfynt dat se net 'echt' is. Se is kâld en tsjuster en semi-dea. De tredde broer wie net te finen troch 'e 'Dea', meidat er de mantel hie. Wannear't er âld is, jout er syn mantel oan syn bern en ferstjert rêstich. Einlings binne se allegearre dea.