The Unnamed Feeling

The Unnamed Feeling is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica tusken 2002 en 2003 en útbrocht op it album St. Anger fan Metallica út 2003. The Unnamed Feeling is it njoggende nûmer op it album en waard op 12 jannewaris 2004 as tredde single fan it album útbrocht.

The Unnamed Feeling
algemiene ynformaasje
B-kant The Four Horsemen (live)
artyst Metallica
album St. Anger
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 12 jannewaris 2004
opnommen 20022003
doer 7:08 album
5:32 single
label Vertigo
skriuwer Kirk Hammett,
James Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
produsint Bob Rock,
Metallica
fideoclip
Metallica: The Unnamed Feeling (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 22,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 11

Oer it nûmer

bewurkje seksje

The Unnamed Feeling giet oer in net neier te neamen gefoel fan in persoan wannear't hy of sy op it punt stiet de kontrôle te ferliezen, krekt foardat hy of sy yn panyk rekket. De singleferzje fan it nûmer is hast twa minuten koarter as it orizjineel op it album St.Anger.

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Bob Rock - Bas
  • Lars Ulrich – Drums