Weald

(Trochferwiisd fan The Weald)

The Weald is in boskige krite yn it suden fan Ingelân. De bosk is ûntstien fan ûngefear 600 f.Kr. ôf oan en leit yn it seremoanjele greefskip Susseks. De bosk levere iuwenlang hout foar de ûnen fan de izeryndustry. De bosk waard dêrtroch faak bedrige, mar mei't The Weald ek in dierber jachtgebiet foar ealju wie, bleau die sparre. De bosk is yn de rin fan de tiid bot kultivearre; der binne in protte frjemde soarten út Noard-Amearika en Japan te finen. Der sit ek wer in populaasje wylde bargen, neisieten fan út fokkerijen ûntkommen bargen. De âldste beam yn The Weald is sa'n 250 jier âld.

Sicht op Weald fan de South Downs ôf
It Wâld fan Anderida ûnder de Romeinske besetting fan Brittanje

Yn de Earste Wrâldoarloch like it hast dien mei de bosk. Trijefearns part wie doe ferdwûn, dat der waard besletten om op grutte skaal by te plantsjen. Rillegau waarden de hichten doe wer grien. Yn 1987 raasde in orkaan oer The Weald, mar de skea oan beamte foel ta. Op it heden hat it gebiet trochsneed 23 % bosk. Nettsjinsteande de grutte befolkingsgroei yn it suden fan Ingelân hat it lânskip dochs syn oarspronlik karakter behâlden.

De namme "Weald" komt fan it Aldingelske weald, dat betsjut "wâld, bosk" (besibbe oan it Dútske Wald en it Fryske 'wâld', mar net oan it Ingelske "wood"). It wurd hat in Dútske woartel mei deselde betsjutting en is úteinlik fan Yndo-Jeropeeske oarsprong. Weald is de spesifyk West-Saksyske foarm fan it wurd; wold is de Angelske foarm.[1]

Yn it Angelsaksysk tiidrek hiet it gebiet Andredes weald, "it bosk fan Andred", dy lêste ôflaat fan Anderida, de Romeinske namme fan it Pevensey fan no. It gebiet wurdt yn Angelsaksyske teksten ek oantsjut mei Andredesleage, wêr't it twadde elemint fan, leage, in oar Aldingelsk wurd foar "woodland" is, en weromkomt yn de moderne foarm leigh.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oxford Dictionary of English Etymology, edited by C. T. Onions, Oxford, 1966.
  2. Eilert Ekwall, The Oxford Dictionary of English Place Names, Oxford, 1936, under "Weald" and "Andred"