Theo Onnes (1957) is byldzjend keunstner út Eenrum yn Grinslân. Hy is bekend wurden troch it skilderjen fan kij en geiten. Fan 1994 oant 1999 studearret hy oan de akademy foar Byldzjende Keunsten Minerva yn Grins.

Syn wurk is figuratyf en bestiet út lânskippen, bisten en de minsk. Ynspiraasje fynt er yn it deistige libben om him hinne: Omploege lân, sinne op in geiterêch, de fertedering oer syn opgroeiende dochters, ljocht yn in sleat en de stilte fan sneintemoarn. Dizze ferwûndering wol er yn syn wurken fêstlizze. It moat de taskôgers sà reitsje dat deselde gefoelens opkomme as by him sels.

Sintraal yn syn wurk steane kij en geiten. Benammen it ljocht dat der op de bisten falt at se út harren natoerlike omjouwing weihelle wurde. Hy giet geregeldwei de stâl yn mei syn sketsboek en wurket de sketsen dan út yn syn atelier. Ek is der faak te finen op de romte fan de klaai yn Grinslân en op Skiermûntseach mei it wide strân en It Waad mei syn moaie loften.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: