Theo de Jong
Theodorus ("Theo") de Jong (Ljouwert, 11 augustus 1947) is in eardere Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrainer. De Jong kaam fyftjin kear (trije doelpunten) út foar it Nederlânsk fuotbalalvetal yn syn karriêre.
Hy spile fan 1970 oant 1972 foar NEC, dêrnei oant 1977 foar Feyenoord. Dêrnei noch oant 1981 foar Roda JC en twa jier foar Seiko Hongkong. De Jong sluet syn rinbaan ôf by FC Den Bosch.
De Jong wie ien fan de spilers yn it Feyenoordteam dat yn 1974 de UEFA Cup wûn troch yn de finale Tottenham Hotspur te ferslaan. Yn april 2010 waard De Jong trainer by Willem II as opfolger fan Arno Pijpers neidat er fan it Sineeske Tianjin Teda kaam dêr't er assistint-trainer wie ûnder Arie Haan.
Fan 2010 - 2011 is hy scout by Willem II en docht tsjinstanneranalyzes. Hy rjochtet him dêrnei op syn net-fuotbalaktiviteiten yn it bûtenlân.
Earelist
bewurkje seksje- Nederlânsk Kampioen 1974 mei Feyenoord
- UEFA Cup 1974 mei Feyenoord
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |