Theo van der Ploeg

Theodorus van der Ploeg (Akkrum, 4 juny 1880 - Amsterdam, 19 maaie 1940) wie in ûnderwizer en Frysk skriuwer.

Hy waard ûnderwizer yn Amsterdam, letter wurke er dêr oan it Nutsseminarium foar Pedagogyk. Hy skreau ûnder de skûlnamme P. van Utinga in brosjuere oer it ûnderwizersfak: Het zenuwslopende van de onderwijzersarbeid (1919). Under eigen namme ferskynde yn it jongesboek 'In Fryske Jongestiid (In forhael de bern; Mei printen fen Joh. Mulders Brandenburgh & Co. To Snits, 1935)'.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: