Theodorus Niemeyer
Theodorus Niemeijer (Grins, 27 juny 1822 – 12 augustus 1910) wie in Grinzer keapman en tabaksfabrikant. Yn 1848 naam er de tabakshannel "Het wapen van Rotterdam" fan syn heit oer en sette út ein mei de produksje fan ferskate soarten tabak. De oername helle de krante, sitaat: "belovende in alles eene zuinige en solide behandeling".
Under Niemeijer die it bedriuw it bêst; hy wurdt beskôge as de oprjochter fan it lettere ynternasjonale bedriuw Koninklijke Theodorus Niemeyer BV. Hy wie direkteur fan 1848 oant 1893. Albert Willem, syn soan, waard nei him direkteur. Hy besleat dat it bedriuw ûnder syn heite namme fuortset wurde soe.