Theodorus van Gogh

Theodorus van Gogh (Benschop, 8 febrewaris 1822Nuenen, 26 maart 1885) wie in Nederlânske predikant yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke te Zundert en Nuenen. Hy wie de heit fan de keunstskilder Vincent van Gogh (1853-1890).

De húshâlding van Gogh
Fan boppe nei ûnderen en fan l. nei rj.: De âlden: Theodorus van Gogh (1822-1885) Anna Cornelia van Gogh-Carbentus (1819-1907). Harren bern: Vincent Willem, de skilder (30 maart 1853-29 july 1890) Anna Cornelia (1855-1930) Theo (1857-1891) Elisabeth Huberta (1859-1936) Willemina Jacoba (1862-1941) Cornelis Vincent (1867-1900)

Van Gogh wie in telch út it geslacht Van Gogh. Syn heit wie Vincent van Gogh (1789-1874) dy't ûnder mear dûmny wie yn de Grutte Tsjerke fan Breda en fan 1825 oant 1866 funksjes besette by de Maatschappij van Welstand, dy't in protte earme húshâldingen stipe.

Yn 1849 waard Theodorus van Gogh predikant te Zundert en yn 1851 troude er mei Anna Cornelia Carbentus (1819-1907), dy't in dochter wie fan in boekhanneler. Har suster Cornelia wie yn 1850 mei Vincent, in broer fan Theodorus fan Gogh troud.
It pear krige de neifolgjende bern:

De dûmny wie yn oansjen yn it roomsk-katolike Zundert, om't er gjin skerpsliper wie en ek earme katolike gesinnen stipe, mar moai preekje koe er net. Dêrneist wie er befreone mei de katolike boargemaster Van Beckhoven. Hy wie distriktsbestjoerder fan de Maatschappij van Welstand.

Yn 1871 ferhuze de húshâlding nei Helvoirt, om yn 1878, mei de bern Wil en Cor, nei Etten yn Noard-Brabân te ferhúzjen, dêr 't Theodorus as dûmny beroppen waard. Ek Nuenen frege Theodorus om de fakante dûmnysposysje te ferfoljen. Yn 1878 kaam Vincent wer thús, mar hy gie in pear moanne letter nei de Borinage. Yn 1881 kaam Vincent wer by syn âlden te wenjen en rjochte in atelier yn yn de pastorij fan Etten. Hy krige spul mei syn heit en gie nei De Haach.

Yn 1882 ferhuze it pear, tegearre mei Cor, nei Nuenen. Ein 1883 heakke Vincent him by harren. Sy wennen yn it 18 e-iuwske Domineeshuis, dat noch altyd yn orizjinele steat yn Nuenen te finen is en dêr't ek hjoed-de-dei noch dûmny wennet. Vincent wie meast yn syn atelier, dat yn de wenning fan de katolike koster Johannes Schafrath siet.

Foar it wurk foar Welstand moast er lange einen rinne nei ôfhandige pleatsen, en yn 1884 woe Theodorus, fanwege syn ôfnimmende sûnens, dêrmei ophâlde, mar hy gie dochs troch.

Theodorus van Gogh ferstoar op 26 maart 1885: van een verre tocht over de hei thuiskomend, viel hij op de drempel zijner woning neer en werd levenloos het huis binnengedragen.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: