Dr. Thomas Gordon (11 maart 1918 - 26 augustus 2002) wie in Amerikaansk klinysk psycholooch, studint en lettere kollega fan Carl Rogers (tegearre mei Abraham Maslow de grûnlizzer fan de humanistyske psychology). Hy waard foaral ferneamd fanwege syn ‘Gordon Metoade’. Hy yntrodusearre begripen as aktyf harkje, de ik-boadskip en de kommunikaasje tusken minsken. Mei syn boek 'Harkje nei bern' lansearre hy in metoade om de opfiedingstyl en de relaasjes tusken âlden en bern te ferbetterjen. It wie yn de tiid fan de anti-autoritaire opfieding. Hy profitearre fan de tiidsgeast. Letter paste hy de metoade ek ta op oare situaasjes lykas ûnderwiis.

Thomas Gordon

Hy skreaun njoggen boeken dy’t yn 28 talen oerset binne en wêrfan mear as 6 miljoen ferkocht binne. Syn ‘Parent Effectiveness Training’, dy’t hy yn 1962 yntrodusearre, waard in populêre treningskursus, dy’t troch mear as in miljoen âlden yn 43 lannen folge is. Yn Nederlân hawwe mear as 49.000 minsken de kursus folge.

Thomas Gordon waard yn 1997, 1998 en 1999 nominearre foar de Nobelpriis. Yn 1999 krige Gordon de Gold Medal Award foar syn bydrage oan de tapaste psychology.

Karút:

  • "Harkje nei bern"
  • "Better omgean mei bern"
  • "Synergie in sales" (Thomas Gordon & C.D. Zaiss)
  • "Opfiede ta selsdissipline"
  • "Effektyf lieding jaan"
  • "Bern binne harren sels"

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: