Thomas Robinson, 1e baron Grantham

Thomas Robinson, 1e baron Grantham, (169530 septimber 1770) wie in Britsk diplomaat en politikus.

Thomas Robinson, 1e baron Grantham

Iere karriêre

bewurkje seksje

Nei syn stúdzje oan it Trinity College, Cambridge, hie Thomas Robinson syn earste ûnderfining as diplomaat yn Parys en gie doe nei Wenen, dêr't er Ingelsk ambassadeur wie fan 1730 oant 1748. Yn 1741 besocht er keizerinne Maria Theresa en Freark de Grutte te fermoedsoenjen, mar dat mislearre; yn 1748 fertsjintwurdige er syn lân by it kongres fan Aix-la-Chapelle. Hy waard riddere yn 1742.

Werom yn Ingelân waard er parlemintslid foar it distrikt Christchurch fan 1749 oant 1761. Yn 1750 folge syn beneaming oan de Privy Council of the United Kingdom.

Ministerskip

bewurkje seksje

Yn 1754 waard Robinson minister foar it Sudlik Departemint en lieder fan it Legerhûs ûnder premier Thomas Pelham-Holles, Hartoch fan Newcastle. Yn novimber 1755 jout er syn amt oer en yn april 1761 wurdt er Baron Grantham makke.

Lettere karriêre

bewurkje seksje

Hy wie Master of the Great Wardrobe fan 1749–1754 en nochris fan 1755–1760, en wie ien fan de twa ministers fan de Post yn 1765 en 1766. Hy stoar yn Londen op 30 septimber 1770.

Hy troude mei Frances, dochter fan Thomas Worsley fan Hovingham, op 13 july 1737, en krige twa soannen en seis dochters. Syn aadlike titel gie oer op syn âldste soan, Thomas.

De stêd Grantham yn de Feriene Steaten fan Amerika is neamd nei Robinson.