Tiberius de Baar
Tiberius de Baar (Rottum, (Grinslân), ? - ?) wie predikant te Wytmarsum fan 19 oktober 1764 oant 22 maaie 1770.
Hy wie in soan fan dûmny Cornelus de Baar. Tiberius de Baar, dy’t frijfeint wie, sette in bern oan by de jonge widdo Tryntsje Jetzes, mar ûntkende letter syn trouûntjit. Hy neamde har in "duivelsche hoer en canaille" yn it iepenbier. De kwestje kaam foar it gerjocht fan 'Wûnseradiel en dûmny krige gelyk. Fjouwer jier letter lei er it wer oan mei Tryntsje. Diskear waard er mei har op’e die betrape troch har famylje en kaam er syn troubelofte wer net nei. [1] Hy waard troch de klassis foar altyd út syn amt set neidat er troch it Hof fan Fryslân feroardiele wie foar meineed op 22 maaie 1770. Hy waard foar seis jier út Fryslân ferbanne.
Yn de Bibliotheca Hagana (Amst. et Lugd. But. 1768-76) , útjûn troch Nicolaus Barkey, skreau er wichtige ferhannelingen: Diss. exegetica in visum Zachariae V: 5 sq. (I p. 316); Diss. in ultima verba Davidis 2 Sam. XXIII: 1-7 (II s. 439); Interpretatio visi Jacobo in Somnio oblati Gen. XXVIII: 14, 13 (III s. 791).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|