TikTok
TikTok, yn Sina bekend as Douyin, is in sosjale media-app dy't rjochte is op it dielen fan filmkes.
It is yn hannen fan it Sineeske bedriuw ByteDance. It biedt in grut ferskaat oan koarte filmkes oan, fan útienrinnende sjenres, lykas dûnsjen, komeedzje en ûnderwiis. De filmkes duorje tusken de 15 sekonden en trije minuten. It is in ynternasjonale ferzje fan Douyin, oarspronklijk frijjûn oan de Sineeske merk yn septimber 2016. TikTok is útbrocht yn 2017 foar iOs en Android op de measte merken bûten it fêstelân fan Sina; mar pas op 2 augustus 2018, nei it gearfoegjen mei in oare Sineeske sosjalemediaservice, Musical.ly, waard it wrâldwiid beskikber.
TikTok en Douyin hawwe sawat deselde brûkersynterface, mar gjin tagong ta inoars ynhâld. Harren servers binne pleatst yn de merk dêr't de app beskikber is. De beide produkten binne itselde, mar harren skaaimerken binne net persys gelyk. Yn Douyin sit in sykfunksje dy't nije filmkes sykje kin fan deselde persoan troch gesichtswerkenning. Douyin hat ek de mooglikheid om dingen te keapjen, hotels te boeken en resinsjes te pleatsen mei geo-tags. Sûnt harren lansearring yn 2017 binne TikTok en Douyin hiel fluch tige populêr wurden yn East-Aazje, Súd-Aazje, Súdeast-Aazje, de Feriene Steaten, Turkije, Ruslân en oare parten fan de wrâld.
Op 2 oktober 2020 wie TikTok mear as 2 miljard kear op in mobile telefoan laden.