Tim Douwsma
Tim Douwsma (Drachten, 4 novimber 1987) is in Fryske sjonger. Tim Douwsma gie nei de middelbere skoalle nei it CIOS, in sportoplieding. Al gau stoppe er mei de oplieding en lei him folslein ta op in sjong- en aktearkarriêre. Dêrneist die hy modellewurk. Douwsma wennet yn Diemen.
Tim Douwsma | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tim Douwsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 novimber 1987 | |
berteplak | Drachten | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | sjonger | |
jierren aktyf | 2007 - no |
Libben
bewurkje seksjeDouwsma die ûnder oare audysje foar de rol fan Noud Mulder yn de soap Goede tijden, slechte tijden en rollen yn Het huis Anubis en Spangas. Uteinlik spile hy in gastrol yn de soap Onderweg naar morgen.
Yn de hjerst fan 2007 die Douwsma mei oan de talintejacht So you wannabe a popstar op telefyzjestjoerder SBS 6. Hy einige op in fiifde plak efter winnaresse Maaike Jansen. Ein 2007 naam hy syn debútsingle Wil je bij me blijven slapen op. De single waard in reedlik súkses yn de Single Top 100 mei in 18e plak as heechste notearing.
Sûnt 20 febrewaris 2008 is hy oerstapt nei Roadstar Agency. Ein april 2009 kaam syn twadde single Ga út, skreaun troch Joost Griffioen en Ray Klaassen fan The Rocketeers.
Ein 2009 hat Tim in lytse rol yn de film De Hel van '63, regisearre troch Steven de Jong. Hy spilet hjiryn de rol fan Melle.
Yn jannewaris 2011 die Tim mei oan 'Sterren Dansen op het IJs'. Hy einige as lêste. De nije single 'Bij jou' fan Douwsma wie de hiele moanne desimber te hearren yn in reklamespot foar sateesaus, as foarpriuwke fan syn oankommende debútalbum begjin foarjier 2012. Op 5 jannewaris 2012 makke Radio 2 bekend dat Douwsma ien fan de seis dielnimmers wie dy't selektearre wie út 491 opjûne lietsjes foar it Nasjonaal Songfestival 2012. Yn de finale naam hy it yn it earste duel op tsjin Pearl Jozefzoon. Hjir krige hy mei syn nûmer Undercover Lover net genôch stimmen en waard yn de earste ronde útskeakele. It nûmer kaam yn de wike nei it Nasjonaal Songfestival binnen yn de iTunes chart op plak 79. It stie ien wike op plak 95 yn de Single Top 100. Op 6 desimber 2012 waard bekend dat Douwsma tegearre mei Smit in album opnaam en zsy tegearre yn 2013 troch Nedrlân en Belgje optrede soene.[1] Yn 2014 wie hy de nije presintator fan AVRO Junior Dance en joech hy punten foar Nederlân yn de finale fan it Eurovisiesongfestival 2014.
Yn 2015-2016 spile hy Danny Zuko in de musical Grease. Hy wie ek te sjen yn seizoen 2015 fan it realityprogramma Expeditie Robinson. Yn desimber 2015 presintearre Douwsma it berneprogramma Cup Cake Cup by AvroTros.
Yn 2016 spile hy Luuk yn de bioskoopfilm Spaak fan regisseur Steven de Jong. Fanôf juny 2016 wie Douwsma te sjen yn de telefyzjerige Nieuwe Tijden' op RTL4, letter op Videoland. Fan ein augustus oant oktober 2016 presintearre hy The Next Boy/Girl Band, tegearre mei Nicolette van Dam en fanf oktober 2016 ôf presintearre hy de talintejacht New Musical Star. Yn septimber 2017 wie Douwsma te sjen yn it RTL 4 programma The Big Music Quiz, hy siet yn it winnende team.
Diskografy
bewurkje seksjeSingles
bewurkje seksje- 2008: "Wil je bij me blijven slapen"
- 2010: "Je bent de hemel"
- 2010: "Allebei"
- 2010: "Winter voor twee"
- 2011: "Eén zomeravond met jou" (mei Monique Smit)
- 2012: "Undercover Lover"
- 2014: "Lisa"
- 2019: "Fryslân"
Filmografy
bewurkje seksje- 2007: Onderweg naar morgen (yn 9 ôfleveringen as stim fan Bink Broome)
- 2009: De Hel van '63, as Melle
- 2017: Spaak, as Luuk Meijer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tim Douwsma fan Wikimedia Commons. |