Timmy Turner, folút Timothy Tiberius Turner is in haadpersoan út de tekenfilmsearje The Fairly OddParents fan telefyzjestjoerder Nickelodeon. Yn Nederlân wurdt de searje oer it generaal neisyngronisearre útstjoerd. De searje is betocht troch Butch Hartman, dy't ek de searje Danny Phantom betocht hat. It earste seizoen kaam yn Amearika op 'e tillefyzje yn 2001.

Timmy is in lyts jonkje fan tsien jier mei in rôze petsje en hazzetosken. Syn âlden jouwe him net folle omtinken en syn oppas Vicky lit him in soad ferfelende putsjes dwaan, mar gelokkich hat er op syn keamer in fiskkom mei twa goudfisken, dy't - sûnder dat immen oars it wit - syn feeënpeetâlden binne, dy't hast al syn winsken ferfolje kinne. Timmy is temûk fereale op Trixie Tang, in famke dat allinnich falt op jonges dy't ryk en populêr binne. Timmy syn bêste freonen binne syn klassegenoaten Chester Mc Badbat en AJ. Hoewol't er goed meikomme kin, hat er it mier oan learen en hellet er allinnich ûnfoldwaandes. Timmy docht geregeldei winsken út eigenbelang, mar is altiten ree om te helpen om syn fouten goed te meitsjen, yn it gefal dat in winsk ferkeard beteard. At ien him freget hoe't er oan beskaat guod komt dy't er winske hat, is syn beskie steefêst "Ynternet".

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: