Tinco fan Oenema fan ter Caple (Terkaple?, ? – ?, 20 augustus 1631) wie in Frysk politikus. Tinco wie de soan fan Tjepcke van Oenema en Sybrich Tincodr. Hy wie yn 1604 lid fan Deputearren en yn 1607 ordinaris kommittearde yn de Steaten-Generaal by de handelingen oer it bestân mei Spanje. Hy folge als folmacht op de lândei de lykstaasje fan Willem Loadewyk. Yn 1622 hie hy noch sitting yn de steaten. Sûnt 1591 wie hy grytman fan Skoatterlân oant 1627, hy waard opfolge troch syn soan Amel van Oenema.

Tinco boaske Catharina, dochter fan Jaques de Blocq, keninklik majoar eksysmaster yn Harns, en Maria van der Burgh, en hie by har 4 bern. Harren soan Amelius fan Oenema dy't grytman wie fan 1627 - 1647 folge him op. Op It Hearrenfean binne de Oenemastate en de Van Oenemastrjite nei de famylje Oenema neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: