Tinjitten is it meitsjen fan dingen middels raand tin yn in mal te jitten. At it tin stjurre is kin it út de mal helle wurde. Nei it ôfwurkjen fan de jitrânen is it foarwerp klear.

Mei in leppel wurdt it tin út de raantsjettel helle
It floeibare tin wurdt yn de mal getten
De iepen mal mei de tinnen leppel yn 'e midden.
Foto's oanbean fan mf. I.J. Blaauboer, De Tinkoepel Tinnegieterij

Dat tin sa'n gaadlik metaal foar jitten is, komt ûnder mear troch it lege raanpunt fan 505 Kelvin, dat is 232 °C. It metaal hat lykwols ek te lijen tinpest, in feroaring yn de kristalstruktuer tusken de 13 en 16 °C. Dy grins wurdt yn in myld klimaat nochwols oerhinne gien, wat fral effekt hawwe kin op tinnen oargelpipen yn tsjerken dy't faak ferwaarme wurde.

De tinjitter sil in tinlegearing mei in protte tin brûke moatte, minimaal 92% tin, oanfolle mei koper of antimoon. Fanwege de giftichheid wurdt lead net mear yn tinlegearings brûkt.

It tin wurdt yn in mal fan brûns getten. Brûns hat in goede waarmtelieding dat it floeibere tin kuollet fluch ôf. De mal wurdt iepenmakke en it stjurre tin wurdt derút kloppe. Tin kin ek yn foarmsân getten wurde. Dan wurdt der earst in model fan it foarwerp yn it sân ôfdrukt.

Skiednis fan tinjitten yn Fryslân

bewurkje seksje

Tin koe eartiids allinnich mei lead fermongen ferwurke wurde. By fyn tin is der net folle lead by dien, by mear tin tafoegjen ûntstiet keurtin. Omdat lead goedkeaper is, waard der faak mei knoeid, dêrfandinne in rekest fan 1597 oan de Fryske Deputearre Steaten mei it fersyk om keurmasters oan te stellen. Dêrtroch kaam der in soad ferbettering.

Fyn tin krige as merken de hammer en de roas, beide mei kroan en inisjalen. It earste teken is it âldste, al komt de roas al yn 1554 foar. Yn de 16e en 17e iuw is it in lytse roas, yn de 18e en 19e iuw in grutten-ien. Op it keurtin moast it stedswapen mei inisjalen oanbrocht wurde.

Bekende âlde tinjitters binne Pieter Nannes ( Ljouwert, 17e iuw), Alef Poppes Fechter en Jacob Alef Fechter (Snits ± 1650 - 1750), Gerke Gerkens ( Ljouwert, ± 1750 - 1800 en de famylje Lubach (sjoch Hendrik Lubach) en Hempenius, F. Broers, H.G. Born, Albertus Adriani en Klaas Ferwerda (Snits, 1830 - Ljouwert, 1915).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: