Tjalling Petrus Tresling

Nederlânse boargemaster

Tjalling Petrus Tresling (Grins, 25 desimber 1844 - Arnhim, 15 maaie 1906) wie in Nederlânse boargemaster.

Tresling waard berne yn Grins as soan fan med. doktor Paulus Tresling en Tjabina Eidina Hesse. Hy waard ferneamd nei syn omke Tjalling Petrus Tresling, dy't in tal moannen earder stoarn wie. Tresling troude yn 1880 mei Anna Sophia Wichers (1857-1927).

Tresling wie efter elkoar boargemaster fan Ezinge (1870-1876), 't Zandt (1876-1886) en Smellingerlân (1886-1901).[1] Yn 1901 moast er it amt út reen fan sûnens oerjaan; by it ôfskied krige er fan de befolking "een prachtige pendule in brons met bijbehorende candelabres, een wandelwagen en een rustbed".[2] Yn Drachten waard de Treslingstrjitte nei him ferneamd.

Tresling ferhuze nei Arnhim, dêr't er yn 1906 yn de âldens fan 61 ferstoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, deel X, 1041
  2. "Hulde aan de heer Tresling" yn Ljouwerter Krante, 20 maart 1902