Tjeerd Sicco van Albada

Tjeerd Sicco van Albada (Akkrum, 14 oktober 1936) is in Nederlânske astronoom en emeritus professor yn de astronomy oan de Universiteit fan Grins.

Hy promovearre yn 1968 yn de wiskunde en natuerwittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins op in proefskrift mei de titel The Evolution of Small Stellar Systems and Its Implications for the Formation of Double Stars. Fan 1971 oant 1979 wie er dosint astronomy oan deselde universiteit. Yn 1980 waard er heechlearaar astronomy en wurke er by it Kapteyn Ynstitút. Yn 2001 gie er mei emiritaat.

Van Albada waard lid fan de KNAW yn 1984.

Op 5 july 2001 waard de asteroïde 10435 Tjeerd nei him ferneamd. Dy asteroïde yn de sintrale planetoïdegurdle waard by it Palomar-Leiden ûndersyk yn 1960 ûntdutsen.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: