Tobrûk (festingwurk)

In tobrûk (Dútsk: Ringstand) is in betonnen lytse bunker, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers boud binne neffens in standertûntwerp (Regelbau). Der waarden grutte oantallen fan oprjochte, foaral as part fan de Atlantikwall, de Westwall en de Oder-Warthe-stelling. Der waarden ferskate types boud om masinegewearen, granaatsmiters, geskutskoepels en lytsere kanonnen te ynstallearjen. Alle Ringstände hawwe it 360°- geskutsfjild mien en ûnderskiede harren dêrtroch fan bunkers mei geskut dat ien kant út sjitte kin.

Type Regelbau 58-c, Ostwall

De namme Tobrûk is ôflaat fan it plak Tobrûk yn Libië, dêr't sokke bouwurken yn 1941 foar it earst set waarden troch it Italjaanske leger. Letter waard it model oernommen troch de Dútsers en fan 1942 ôf yn Europa ynbrocht [1].

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: