Tolve maats blues

De tolve maats blues (Twelve bar blues) is lyksas de acht maats blues, in foar bluesnûmers typysk akkoarde-skema wêrby’t de nûmers opboud binne út ferzen fan tolve 4/4-maten.

In ienfâldich foarbyld dêrfan sjocht der sa út: (ien akkoard yn eltse maat mei "B" foar it basis akkoard, "S" foar subdominant akkoard en "D" foar it dominant akkoard.)

B    | B    | B    | B    |
S | S | B | B |
D | S | B | B |

Hjirop binne in soad fariaasjes mooglik. Sa wurdt it septymakkoard faak brûkt as oergongsakkoard. In wat yngewikkelder foarbyld kin der dan sa út komme te sjen, wêrby’t "7" it septym akkoard oantsjut :

B    | S    | S    | B7   |
S | S7 | B | B7 |
D | S | T | D7 |

As yn de lêste maat in dominant akkoard stiet, neamt men dy maat ek wol in oergongsmaat (turnaround). Yn it ûndersteande foarbyld stiet it patroan yn D, en hoe’t it past yn in bepaald fers. Foar eltse tel is ien akkoard werjûn wêrby’t in streekje ( “-“ ) stiet foar it kontinuearjen fan it foarrige akkoard. It foarbyldfers slút ôf mei in oergongsmaat.


D        -     -      -        
Woke up this morning with the 
G     -   -    -   D - - - D7 - - - 
blues down in my soul 
G        -     -      -        
Woke up this morning with the 
G7    -   -    -   D - - - D7 - - -
blues down in my soul            Saying "My
A     -        -     A7
baby gone and left me, got a 
G    -    -     G7 D - - - D - A A7
heart as black as coal"