Tony van der Meulen
Tony van der Meulen (De Jouwer, 1946) is in sjoernalist en auteur.
Nei it Gymnasium Alfa yn Snits en de stúdzje Doctoraal Nederlandse Taal- en Letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins (1971) gie Van der Meulen de sjoernalistyk yn. Fan 1971 – 1979 waard er reportaazjeredakteur fan it Nieuwsblad van het Noorden / GPD. Dêrnei wie er fan 1979 oant 1983 sjef opiny by it Utrechts Nieuwsblad. By dizze krante waard er yn 1983 adjunkt-haadredakteur. Yn 1986 – 1990 wie er haadredakteur opinywykblêd De Tijd. Yn 1990 folge de oerstap nei Brabants Dagblad, dêr't er (skriuwend) haadredakteur waard.
Sûnt 2008 is hy freelance sjoernalist, kollumnist, auteur en debatlieder.
Bibliografy
bewurkje seksje- Het Patent – een familiegeschiedenis - 2011
- Het leed dat winkelen heet. Van Anders nog iets?, oer de teloargong fan de tradisjonele middenstân - 2009
- Fries in Brabant, Over vreugde en verdriet, woede en verbazing in het dagelijks leven - 2008
- De zaadvergadering - 2006
- De verzwegen moeder - 2005
- De Verzwegen Moeder - 2005
- Dansen op de Kwai, Het leven na de Birma-spoorweg - 2003
- Anders nog iets? - oer syn jeugd op De Jouwer (Utjouwerij L.J. Veen, Amsterdam 2001)
- Het Uur Van De Muskieten, Een journalistieke zoektocht door Uganda - 1998
- Dichtbij, regionale kranten in Nederland - 1997
- Oude kerken in Groningen - 1979
Oare funksjes
bewurkje seksje- siktaris fan it Nederlânsk Genoatskip fan Haadredakteuren
- foarsitter fan it Kolleezje fan Haadredakteuren VNU
- foarsitter fan it Kolleezje fan Haadredakteuren Wegener
- Foarsitter stichting ‘lokaalmondiaal’, spesjalisearre yn tredde-wrâld-sjoernalistyk
- Lid redaksje fan De Avondeditie yn de Verkadefabriek yn Den Bosch
- Bestjoerslid NVJ
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |