Tréwes (Aldeboarn)

(Trochferwiisd fan Tréwes)

Sloeproeiferiening Tréwes út Aldeboarn is yn 1992 ûntstien. Tréwes is âld Frysk wurd foar gesellichheid.

Tréwes 1
Tréwes 2
Tréwes 3

De eardere dielnimmers oan it toulûken dienen yn it oprjochtingsjier yn de restaurearre sloep "Trewes 1" mei oan de Amsterdamske Grachtenrace. Wyls hat de feriening 3 sloepen: yn de "Tréwes 2" roeit de jongerein en yn de "Tréwes 3" de froulju.

Gerrit Hofstra kocht in keapfardijskipke doe't er yn Terkaple om in pream út wie. It âlde wrak hie ek as wenboatsje west en gie foar f 100, - mei nei Aldeboarn. It boatsje sonk doe't it as minigondel by de gondelfeart meidwaan soe. Neidat it in heal jier op de wâl omtoarke hie waard mei Tjerk van der Bij besluten om der in roeiboat fan te meitsjen. It skip waard lichter makke en opknapt, wêrnei't yn augustus 1992 de "Trewes 1" feestlik mei sjampanje te wetter litten wurde koe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: