Traasjers
- "Traasjers" ferwiist ek nei de moderne ynwenners fan Traasje.
De eardere Traasjers út de âldheid wienen in Yndo-Jeropeesk folk, de bewenners fan Traasje dy't in Trasyske taal sprutsen - in amper bekende taal yn de Yndo-Jeropeeske taal family. It gebiet dêr't sy yn libben wie it eastlik, sintraal en súdlik part fan it Balkan skiereilân, en ek it oanswettende East-Jeropa.
Yn de Romeinske tiid wennen de Traasjers yn parten fan de antike provinsjes: Traasje, Moesia, Masedoanje, Daasje, Scythia Minor, Sarmatia, Bithynia, Mysia, Pannoanje, en oare gebieten op de Balkan en yn Anatoalje.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Traasjers waarden beskreaun troch Herodotus as it talrykste folk, nei de Yndiërs en mooglik it machtichste. Hy suggereare dat troch de útstrekkens fan de lannen dy't sy bewennen en kontrolearen se in enoarm grut ryk west wienen as sy harren feriene hienen. De Traasjers wienen lykwols ferdield yn in grut tal groepen dy't meastentiids ûnderling striid levere, útsein inkele koarte perioaden dat in oantal machtige steaten organisearre waard, lykas it Odrysjaanske keninkryk fan Traasje en it Daasje fan Burebista.
Yn it 2de milennium foar Kristus besetten de Traasjes fanút it suden fan Ruslân it gebiet tusken Súd-Bulgarije en Noard-Grikenlân. En yn de 5e iuw foar Kristus wie de Traasyske oanwêzigens skynber sa prominint dat Herodus harren it op ien nei grutste folk fan de bekende wrâld neamde.
Yn de Ilias stimme de Traasjers dermei yn om oan de side fan de Griken te fjochten yn de Trojaanske oarloch. Neffens Homerus hawwe de Traasjes harren net oan dy belofte holden. Yn de Odyssee plonderen Odysseus en syn mannen Traasje op de weromreis fan de kriich dêr't se mei straft waarden foar harren "lafheid", sa as de Odyssee it neamd.
In protte mytyske figueren, lykas de god Dionysos, prinses Jeropa en de held Orpheus hawwe de Griken ûntliend fan de Traasjers.