In treeft is in izeren trijepoat of ring om iten op te sieden. Dy kaam yn de 19e iuw noch oer it hurdfjoer. Faak wie in treeft makke fan getten izer. Siet de treeft oan de muorre fêst dan waard er boppe it fjoer draaid en waard sprutsen fan in draaitreeft. Letter waard de treeft noch wol boppe in oaljestel brûkt. In treeft koe ek wol oan de kachel fêstmakke wurde, en wie dan in waarmhâldplaat.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: