Kristlike Fuotbalferiening Trynwâldster Boys

(Trochferwiisd fan Trynwâldster Boys)

De Kristlike Fuotbalferiening Trynwâldster Boys wie oant en mei 2009 in kristlike fuotbalferiening dy't spile oan de Van Haersmasingel yn Oentsjerk.

De klup waard oprjochte op 28 febrewaris 1959. De feriening hie foar de fúzje mei Fuotbalferiening Trynwâlden 4 senioareteams, 4 junioareteams en in 18 pupilleteams. It tenu bestie út in shirt mei giel-swarte streken, swarte broek en swarte sokken.

Op 1 july 2009 fusearre de feriening mei Fuotbalferiening Trynwâlden, de nije klup krige de namme Fuotbalkombinaasje Trynwâlden.