Tsaritsyno (Russysk: Царицыно) is de namme fan in gebiet yn de Russyske haadstêd Moskou mei in kompleks fan in grut neogoatysk slot, poarten en bygebouwen. It gebiet wurdt foarme troch in grut lânskipspark, it Birjûljovo-arboretum en fivers mei wetterfal mei in oangrinzgjend bosk. Yn de gebouwen fan it slot binne sûnt 1984 musea oer skiednis, arsjitektuer en keunst ûnderbrocht.

Tsaritsyno

Царицыно

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 36' N 37° 40' E
bysûnderheden
type bouwurk Slot en bygebouwen
boustyl Neogotyk
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771420978970006
offisjele webside
tsaritsyno-museum.ru
 
Park
 
Middenpaleis

It gebiet waard yn 1712, doe't it noch ûnder de oarspronklike namme "Tsjornaja Grjas" ('Swarte Modder') hiet, troch tsaar Peter I oan de Moldauske prins D.K. Kantemir skonken. Syn soan A.D. Kantemir ferkocht it lângoed oan Katarina de Grutte, dy't it gebiet omdope liet yn Tsaritsyno ('plak fan de tsarina'). Hja wie fan doel om dêr foar de poarten fan Moskou in residinsje te bouwen en joech de opdracht om dêr in slot del te setten, dat net ûnderdwaan moast foar de grutte Sint-Petersburchske bouwurken. Nei tsien jier wurk ûnder lieding fan de arsjitekt Vassili Basjenov wie Katarina de Grutte tige min te sprekken oer it risseltaat en liet it fuort wer ôfbrekke.

Sûnt 1793 waard fierder oan in twadde ûntwerp fan Matvej Kazakov wurke, de bou stûke lykwols doe't Katarina ferstoar. Har soan en opfolger Paul I hie fierder gjin ynteresse yn it paleis. Sadwaande bleaune it haadgebou en de wichtichste nevenbouwurken foar mear as de helte ûnfoltôge.

Yn de rin fan de 19e iuw waarden in pear lytsere nevengebouwen yn neoklassisistyske styl foltôge, mar it haadgebou bleau foar in diel dochs noch oant it begjin fan it nije millenium ûnfoltôge.

Yn de jierren 1980 waarden dielen fan it haadgebou as museum ynrjochte. Boppedat foarme it park mei de ruïnen in populêr rekreaasjegebiet. Yn dy tiid wie it gebiet noch steatsbesit, mar yn 2004 droech de steat it gebiet yn ruil foar in oar museum oan de stêd Moskou oer. Sûnt dy tiid boude de stêd Moskou fierder en begjin 2007 waard de restauraasje en foltôging fan it slot en de nevengebouwen ôfsletten.

Yn it lânskipspark binne paviljoenen, pergola's, priëlen, grotten en brêgen oanlein. Foar it slot oer stiet de Tsjerke fan de Mem Gods fan de Boarne dy't libben jout. It atrium wurdt brûkt foar konserten. Ut de 11e oant 13e iuw stamme de grêfheuvels fan de Slavyske stam de Vjatitsjen. Ek is der in rekreaasjesintrum mei in restaurant.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]