Tsjûge (amtlike akte)
In tsjûge is de wichtichste assistint fan sawol de brêgeman as de breid by it sluten fan in houlik. De tsjûge fan 'e brêgeman is ornaris in man, wylst de tsjûge fan 'e breid yn 'e regel in frou is. Dat hoecht lykwols net sa te wêzen, en by in houlik tusken twa homo's of lesbiënnes bestiet dy tradisjonele ferdieling nei geslacht alhielendal net. Wol is it sa dat de tsjûgen meastal famyljeleden of goede freonen fan it breidspear binne. It wurdt oer it algemien sjoen as in eare om as tsjûge frege te wurden.
Yn Nederlân binne foar de sluting fan in boargerlik houlik minimaal twa en maksimaal fjouwer mearderjierrige tsjûgen nedich. Ek by it sluten fan in tsjerklik houlik binne tsjûgen nedich, hoewol't in tsjerklik houlik yn Nederlân (oars as yn 'e measte oare lannen) net wetlik jildich is. Behalven foar it sluten fan in houlik binne ek twa tsjûgen nedich foar it ôfsluten fan beskate notariële akten, lykas in testamint. Dat is, oars as by in houlik, in formaliteit, dêr't oer it algemien meiwurkers fan it oangeande notariskantoar foar frege wurde.
Yn it bûtenlân, benammen de Angelsaksyske lannen, nimme de tsjûgen faak in folle wichtiger plak yn op 'e trouwerij as dat yn Nederlân it gefal is. Se hawwe yn it Ingelsk ek aparte nammen: de best man is de tsjûge fan 'e brêgeman, en de bridesmaid of maid of honor is de tsjûge fan 'e breid. Fan sokke persoanen wurdt ferwachte dat se it frijfeintefeest, resp. frijfammefeest organisearje, oant de trouwerij de trouringen bewarje en by it sluten fan it houlik njonken de brêgeman, resp. breid steane. Ek moatte se in taspraak hâlde op 'e brulloft nei de eigentlike trouwerij, wêrby't it gebrûklik is dat se it nije troud pear mei mylde spot de gek oanstekke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |