Tsjûkotko-Kamtsjatkaanske talen

De Tsjûkotko-Kamtsjatkaanske talen binne in lytse taalfamylje dy't bestiet út likernôch 5, foar in part al útstoarne talen dy't sprutsen wurde (of waarden) troch beskate lânseigen folken yn 'e Eastsibearyske regio's Tsjûkotka en Kamtsjatka. Dizze taalkloft stiet ek wol bekend as de Luorawetlaanske talen, en foarhinne waard er faak mei in pear oare (ûnderling net besibbe) lytse taalkloftsjes út Sibearje op ien bulte fage as de Paleosibearyske talen. De Tsjûkotko-Kamtsjatkaanske taalgroep omfiemet it resint útstoarne Kerek; it Itelmeensk (of Kamtsjadaalsk) en it Aljûtor, mei elts minder as 100 sprekkers; en it Tsjûktsjysk en it Korjaaksk mei beide noch ferskate tûzenen sprekkers. De hiele taalkloft hat noch in 8.000 sprekkers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.