Tsjerke fan Aldetrine

De Tsjerke fan Aldetrine is de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine yn de gemeente Weststellingwerf. De tsjerke docht sûnt 1979 tsjinst as doarpssintrum fan de doarpen Aldetrine en Sonnegea.

Tsjerke fan Aldetrine
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Aldetrine
adres Tsjerkhôfsleane 4
koördinaten 52° 51' N 5° 56' E
Tsjerklike gegevens
status Net mear yn gebrûk as tsjerke
tsjintwurdich doarpssintrum
Arsjitektuer
boujier 1870
Webside
Doarpssintrum Sonnegea-Aldetrine
Kaart
Tsjerke fan Aldetrine (Fryslân)
Tsjerke fan Aldetrine
 
It eardere ynterieur fan de tsjerke; ôfbyld 1959

Oarspronklik stie de tsjerke fan Aldetrine op it begraafplak oan de Tsjerkhôfsleane. Foar de reformaasje wie dy tsjerke wijd oan Katarina fan Aleksandrje. It sealtsjerkje sûnder toer waard yn 1794 ferfongen troch in nije tsjerke. Foar de hjoeddeiske tsjerke waard yn 1870 de earste stien lein.

Yn 1979 droegen de tsjerkfâlden de tsjerke oer oan Pleatslik Belang. Der fûn in ferbouwing plak en it tsjerklike ynterieur waard ferwidere, mar de herfoarme gemeente bleau gebrûk meitsjen fan it gebou foar tsjerketsjinsten.

Op 12 febrewaris 2017 waard de klok foar it lêst op snein let foar de tsjinst. De weromrinnende tsjerklikens yn Aldetrine soarge foar sa'n lyts tal leden, dat de PKN gemeente Aldlemmer-Aldetrine it beslut nommen hie om tenei alle tsjinsten yn de tsjerke fan Aldlemmer te hâlden.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reformatoarysk Deiblêd, 13.02.2017