Tsjerke fan Otsûn

De Tsjerke fan Otsûn (ek Kleaster fan Otsûn; Armeensk Օձունի վանք) is in 6e-iuwsk tsjerkegebou yn it doarp Otsûn yn 'e Armeenske provinsje Lori.

Tsjerke fan Odsûn
Օձունի վանք
Lokaasje
lân flagge fan Armeenje Armeenje
Provinsje Lori
plak Otsûn
koördinaten 41°41'N 44°46'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 5e oant 7e iuw iuw
Kaart
Tsjerke fan Otsûn (Armeenje)
Tsjerke fan Otsûn

Alhoewol't histoaryske boarnen ûntbrekke oer de krekte âldens fan it gebou, wurdt op grûn fan ûndersyk oer de konstruksje, in ynskripsje, de dekoraasje yn 'e tsjerke en guon arsjitektoanyske details rûsd dat de tsjerke earne yn it midden fan 'e 6e iuw boud waard. Yn 'e rin fan 'e tiid waard de tsjerke ferskate kearen wer opboud en restaurearre. De lêste restauraasje waard mei help fan 'e Polytechnyske Universiteit fan Milaan útfierd yn 2012-2014.

It oansjen fan 'e hjoeddeiske tsjerke datearret fan in 8e-iuwske werbou. De trijeskippige tsjerke mei smelle sydskippen is boud fan roze felsyt, wylst yn 'e tsjerke basalt brûkt is. De tsjerke waard oan 'e noardlike, súdlike en westlike kant omklamme troch in kleastergong, wêrfan't hjoeddedei allinne de súdlike en noardlike noch steane. De súdlike kleastergong is mei bôgen iepen, wylst de westlike bestiet út in rûnbôgige tagong en in bline muorre sûnder iepenings.

De tsjerke hat in tonferwulft, wylst de tamboer in ribferwulft hat. Oan 'e gevel binne ferskillende reliëfs te sjen, dy't foar in part dreech te tsjutten binne.

De lytse klokketuorkes oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke binne 19e iuwske tafoegings.

Grêfmonumint

bewurkje seksje
 
Grêfmonumint.

Njonken it grutte tal grêfstiennen om de tsjerke hinne is der ek in nijsgjirrich grêfmonumint. Yn 'e bôgefoarmige iepenings fan it mei ûnbidich grutte blokken stien boude monumint steane twa obelisken mei byldhouwurk. Oan 'e eastlike en westlike kant fan it monumint binne reliëfs te sjen fan bibelske foarstellings en fan 'e ynfiering fan it kristendom yn Armeenje. De noardlike en súdlike kant litte geometryske en florale dekoraasjes sjen. Ofgeande op 'e styl soe it monumint út de 6e iuw datearje kinne. It monumint waard skonken troch in Yndiaaske kening út tankberens foar de help fan in Armeenske generaal, dy't út Otsûn ôfkomstich wie. In soartgelikens monumint is te sjen in Aghitû yn 'e súdlike Armeenske provinsje Sjûnik.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: