Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper (Uglitsj)

De Tsjerke fan 'e Berte fan Jehannes de Doper (Russysk: Церковь Рождества Иоанна Предтечи) is in Russysk-otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Uglitsj (oblast Jaroslavl).

Jehannes de Dopertsjerke

Иоаннопредтеченская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
Oblast Jaroslavl
plak Uglitsj
koördinaten 57° 31' N 38° 17' E
Arsjitektuer
boujier 1689-1691
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 7610239000 [1]
Kaart
Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper
 
Dekoraasje porseleintegels ûnder de haadsipel

De bou fan 'e tsjerke hie in tragyske oanlieding, dy't op de bewenners fan Uglitsj djippe yndruk makke. Yn juny 1663 rekke de seisjierrige Ivan, in soan fan 'e rike hanneler Nikifor Tsjepolosova, fermist. Al it sykjen bleau om 'e nocht en wiken letter waard it lichem yn 'e sompen fûn. It die bliken dat it jonkje ûntfierd en mei in mes fermoarde wie troch Tsjepolosova's tsjinstfeint Roedak. De heit wie net te treasten en liet ta neitins fan syn soan yn 'e jierren 1689-1691 de Jehannes de Dopertsjerke bouwe.

Neffens de earste ûntwerpen foar de bou fan in wetterkrêftsintrale, dy't yn de jierren 1930 by Uglitsj boud wurde soe, wie der gjin plak mear foar de Jehannes de Dopertsjerke. De keunsthistoaryske wearde fan it bouwurk waard lykwols sa heech wurdearre, dat, om it monumint te behâlden, men sels yn Stalin's tiid it projekt liet oanpasse en de daam fierder de stream op boude.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De tsjerke hat in opfallende klokketoer mei in iepenwurke pyramide en wurdt bekroand troch fiif koepels. De muorren binne ryklik fersierd mei posleinen tegels. It foarportaal dat troch fjouwer foarse pylders droegen wurdt is yn 1904 fêstlein troch de Russyske skilder Nikolaj Rjorich.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Рождества Иоанна Предтечи (Углич)