Tsjerke fan de Hillige Igor fan Tsjernikov (Moskou)
De Tsjerke fan 'e Hillige Igor fan Tsjernikov (Russysk: Церковь Святого Игоря Черниговского) is in Russysk-otterdokske tsjerke yn Novo-Peredelkino, in distrikt yn it westlike okrûg fan de Russyske haadstêd Moskou.
Tsjerke fan de Hillige Igor fan Tsjernikov (Moskou) | ||
De Tsjerke fan de Hillige Igor fan Tsjernikov yn it Moskouse distrikt Novo-Peredelkino | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 39' N 37° 20' E | |
Kaart | ||
It ûntwerp fan 'e tsjerke is ôfkomstich fan Aleksander Sjipkov, in ûnderskieden arsjitekt fan 'e Russyske federaasje en lid fan de Uny fan Russyske Arsjitekten.
Skiednis
bewurkje seksjeDe foarstap om in grutte tsjerke te bouwen waard nommen troch de Patriarch fan Moskou en hiel Ruslân Aleksius II. Yn 2005 karde de patriarch it projekt goed en hy naam it beslút om de tsjerke te wijen oan 'e grutfoarst Igor fan Tsjernikov en Kiëv. Ek wiisde de patriarch it plak oan, dêr't de tsjerke boud wurde moast. Nei't de patriarch de grûn segene, waard der fuortendaliks úteinset mei de tariedings fan 'e bou.
Op 20 jannewaris 2010 konsekrearre patriarch Kirill de earste stien fan 'e tsjerke. In jier letter wijde de patriarch de krusen en klokken fan 'e tsjerke, dy't doe noch yn oanbou wie. Op 17 juny 2012 waard de foltôge tsjerke ynwijd en koe de earste godlike liturgy fierd wurde.
De yn neorussyske styl boude tsjerke hat plak foar 1.200 minsken. De tsjerklike mienskip is yndield by it Mikhailovsky-dekanaat fan it otterdokske bisdom Moskou.
De bylden dy't it paad nei de tsjerke flankearje stelle prins Igor van Tsjernikov en Sint-Filip foar. Fuort by de tsjerke leit de simmerresidinsje fan 'e patriarch.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ru) Side fan de tsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Novo-Peredelkino Church.
|