Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Chamovniki
De Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Chamovniki (Russysk: Церковь Cвятителя Николая Чудотворца в Хамовниках) is in 17e iuwske otterdokske tsjerke yn it stedsdiel Chamovniki yn Moskou, Ruslân. Bysûnder is dat de foar de keninklike wevers boude tsjerke yn de kommunistyske de hiele tiid iepen bleau foar de earetsjinst.
Nikolaastsjerke
Николаевская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Ul. Leo Tolstoj, 2 | |
koördinaten | 55° 43' N 37° 35' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1679-1682 | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7710407000 | |
offisjele webside | ||
nikola-khamovniki.ru |
Skiednis bewurkje seksje
De nei alle gedachten doe noch houten tsjerke op dit plak waard foar it earst yn 1625 neamd. De mei fiif koepels bekroande haadtsjerke waard tusken 1679 en 1682 ûnder it regear fan tsaar Fjodr Aleksevitsj boud en op 25 juny 1682 konsekrearre. De klokketoer en de refter waarden ekes letter foltôge. Neffens de tsjerke is de klokketoer fan Chamovniki ien fan Moskou's heechste tuorren yn tintfoarm. In oan Dmitry fan Rostov wijde oanbou folge yn 1757. It hek en de poarte datearje út it begjin fan de 19e iuw.
De yn de styl fan de Moskouse barok boude tsjerke rekke slim skeind yn 1812 en waard pas wer yn 1849 iepene. Krekt foar dy tiid, yn 1848, krige de tsjerke in tige fereare ikoan, in kopy fan it ikoan fan de Teotokos "Boarch fan de Sûnders". De tsjerke besit ek 17e iuwske ikoanen fan de hillige Aleksis en Hodegetria fan Smolensk. Yn 2002 joech de parochy it ikoan fan de Aartsingel Michael oan de op 'e nij iepene Michaeltsjerke, de tsjerke fan de Medyske Universiteit fan Moskou.
Nei 1849 bleau de tsjerke iepen, ek yn de tiid fan de Sovjet-Uny. Krekt lykas by oare tsjerken waard wol de grutste klok konfiskearre, dy't yn 1992 ferfongen waard troch in nije klok. Yn 1949 en 1972 folgen restauraasjes fan it ekterieur.
Trivia bewurkje seksje
- Ien fan de bekendste parochianen fan de Nikolaastsjerke wie Leo Tolstoj, dy't noardlik fan de tsjerke wenne.
- De oan de Nikolaastsjerke ferbûne preester Pavel Lepekhin tsjinne hjir fan 1912 oant 1960, ien fan de langste amtsperioades fan in preester yn de otterdoksy.
- De Nikolaastsjerke stie model foar de tusken 1995 en 2003 boude Tsjerke fan Us Mem fan Skoroposlusjnitsa yn de Sibearyske stêd Kiseljovsk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of St. Nicholas in Khamovniki
|